Home › Achtkarspelen › Amendement
Tapasse ynflaasjekorreksje subsydzje Wâldsang (verworpen)
Verworpeni Uitslag automatisch bepaald uit documenttekst
| Type | amendement |
| Gemeente | Achtkarspelen |
| Datum | 2024-11-07 |
| Dataniveau | Verrijkt via AI |
| Bron | Download brondocument → |
Document
Geextraheerde tekst
P5 – A1
AMENDEMINT
Wurklistpunt: 5 - Programmabegroting 2025-2028
Underwerp: Tapasse ynflaasjekorreksje subsydzje Wâldsang
De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 7 novimber 2024
Wiziging:
In beslispunt oan it beslút tafoegje (fetprinte en trochhelle tekst):
•
De subsydzje, dy’t de gemeente Achtkarspelen oan de Wâldsang jout, foar 2025 te
ferheegjen mei in ynflaasjekorreksje fan 4%, de strukturele subsydzje foar de
Wâldsang alle jierren te yndeksearjen mei in ynflaasjekorreksje en dit te
evaluearjen en de tekst op side 158 fan de begrutting sa oan te passen:
Muziekonderwijs subsidie
2025
318 331
Taljochting:
De Wâldsang is in belangryk kultuersintrum yn de regio Achtkarspelen mei in grutte ynfloed op it
ûnderwiis en de mienskip. Wy binne dêrom ek tige wiis mei wat it kultuersintrum foar ús regio
docht en jouwe ek stipe yn de foarm fan in subsydzje. Dy subsydzje is struktureel fan aard en
soarget der foar dat de Wâldsang dat foar al ús doarpen dwaan kin.
Yn de begrutting dy’t foarleit, is der gjin ynflaasjekorreksje foar it subsydzjebedrach fan de
Wâldsang tapast. Foar de tsjinsten fan de Wâldsang is it net tapassen fan dy korreksje krúsjaal
en dat sil direkte gefolgen ha foar hokker skoallen it kultuersintrum wat betsjutte kin.
Anne Douwe Bouma, FNP-Achtkarspelen
Dineke Terpstra-Kerkhof, GBA-Achtkarspelen
Edwin de Vries, selsstannich riedslid
Voor: FNP, GBA en zelfstandig raadslid De Vries (7)
Tegen: CDA, CU, GroenLinks, PvdA, PVV en zelfstandig raadslid Van Dijk (14)
Het amendement is verworpen.
Tekst uit PDF geextraheerd